Wurkstraf foar pisfetisjisten

It ljocht fan de húskes waard fernield
De rjochtbank yn Ljouwert hat útienrinnende wurkstraffen easke tsjin trije manlju dy´t alve jier lang pisjende froulju betaaste en begluorke hawwe. De wurkstraffen fariearje fan 240 oant 80 oeren.
De trije, in 57-jierrige ynwenner fan De Harkema, in man fan 68 út De Pein en in 40 jierrige ynwenner fan De_Tike sochten doarpsfeesten út omt se in ´kick´ krigen fan pisjende froulju.