Teloarsteld oer Snitser teater

© Omrop Fryslân
Deputearre De Vries is bot teloarsteld yn de steatekommisje. Dy gie woansdeitejûn foar de tredde kear net akkoart mei har subsydzjefoarstel foar in nij teater yn Snits. Ek de kultureel kertiermakker fan Snits, Ben van der Knaap, is bot teloarsteld.
De gemeente Snits hie fan de foarige Deputearre Steaten de garânsje krigen dat de subsydzje der komme soe. No´t de steatekommisje it foarstel foar de tredde kear weromstjoert, is it geduld by Van_der_Knaap hast op.