Ljouwert giet nei Gay Pride

Ljouwert docht dit jier mei oan de Gay_Pride yn Amsterdam. It Ljouwerter skûtsje fart yn it earste wykein fan augustus troch de grêften fan ´e haadstêd.
It giet om in inisjatyf fan de PvdA, VVD, SP, FNP en PAL/GrienLinks. De partijen wolle mei it meidwaan fan it skûtsje oan de Gay_Pride sjen litte dat Ljouwert stiet foar homo-emansipaasje en anty-diskriminaasje. De Amsterdam Gay Pride wurdt sûnt 1996 alle jierren hâlden.