Ruften wer gewoan yn kontainer

29 maaie 2008 - 11:57

De gemeente Ferwerderadiel hâldt 1 augustus op mei it apart ynsammeljen fan ruften. Minsken moatte de ruften wer gewoan yn de kontainer smite. Oant oktober 2007 ferwurke it bedriuw Knowaste de smoarge ruften ta papier en kompost, mar dêr is it mei ophâlden.

Omrin ferwurket de ruften no as bedriuwsôffal. Dêrtroch is der kwalik noch miljeufoardiel. De gemeente wol dêrom de ruften wer gewoan mei it oare ôffal ynsammelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)