Wenning azc folslein útbaarnd

29 maaie 2008 - 11:02
  • De brânwacht besiket de skea te beheinen
  • De wente is folslein útbaarnd.

Op it asylsikerssintrum yn Dokkum is tongersdeitemoarn in wenning folslein útbaarnd. It fjoer ûntstie om tweintich oer njoggenen. Personiel fan it sintrum koe de bewenner op tiid út syn wente helje. Bewenners fan oare wenten waarden ek evakuearre.

De brânwacht ried út mei trije spuitauto´s. Om tsien oere hinne wie de brân ûnder kontrôle. De oarsaak is nei alle gedachten in te hite frituerpanne. Op it azc yn Dokkum wenje goed trijehûndert minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)