Lesman krijt Rôze Pompeblêd

Lesman krijt Rôze Pompeblêd
De 65-jierrige Ben Lesman fan Ljouwert hat woansdeitejûn it Rôze Pompeblêd krigen. De priis wurdt alle jierren útrikt oan ien dy't him ynsetten hat foar de homo-emansipaasje yn Fryslân.
Lesman hat jierrenlang bestjoerslid west fan Orpheus. Dat is in lanlike feriening foar helpferliening by homo- en biseksualiteit yn hetero-relaasjes. Lesman is de sânde winner fan it Rôze Pompeblêd.