De Vries tekent by Hearrenfean
Jeugdynternasjonal Johnny_de_Vries hat in kontrakt tekene by SC_Hearrenfean. De 18-jierrige ferdigener tekene foar twa jier, mei in opsje foar noch twa jier.
De_Vries komt fan Appelskea en kaam yn 2002 troch de fuotbalskoalle by SC_Hearrenfean terjochte. De ferdigener spile al foar ferskate jeugdseleksjes fan it Nederlânsk alvetal.