Skuttevaerrace op ynternet

29 maaie 2008 - 10:31

De Skuttevaerrace is foar de twadde kear rjochtstreeks op ynternet te folgjen. Alle dielnimmers krije in transponder oan board dy´t gegevens ferstjoert nei it bestjoer. It kompjûterprogramma dat alles regelt is makke troch studinten fan de NHL.

Oan de sylrace dogge 45 boaten mei. De start is 5 juny yn Starum. De silers moatte Teksel, Flylân en Skylge oandwaan. De bemanning moat sile, fytse en drave.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)