Subsydzje Snitser teater faai

© Omrop Fryslân
Yn de steatekommisje hat woansdeitejûn it foarstel foar in subsydzje fan 2 miljoen euro foar in nij teater yn Snits it foar de tredde kear ôfkard. Deputearre De Vries koe gjin mearderhied oertsjûgje omdat net dúdlik waard of oare teaters no ek rekkenje kinne op dizze finansjele stipe.
Ek it CDA wie net oertsjûge en dat betsjut dat de twa grutste kolleezjepartijen CDA en PvdA in behoarlik grut ferskil fan ynsjoch ha.