Hoen nei FVC, V/d Veen nei ONS

29 maaie 2008 - 10:25

Ald-Cambuur spiler René_Hoen spilet takom jier foar FVC út Ljouwert, dat útkomt yn de sneinsearsteklasse. Hoen ferhuze yn de winterstop fan Cambuur nei ONS_Snits, mar troch in blessuere koe hy him dêr net goed sjen litte.

Oan de oare kant komt der ek wer in nije spiler by ONS. Alex van der Veen makket de oerstap fan VV Kollum nei de Snitsers. De 20-jierrige Van_der_Veen wie dit jier topskutter by Kollum, dat dit jier krekt net wist te promovearjen nei de twadde klasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)