Cambuur wint oefenwedstriid

29 maaie 2008 - 08:59

Sportclub_Cambuur hat woansdeitejûn de lêste oefenwedstriid fan dit jier mei 5-1 wûn. Tsjinstanner wiene de amateurs fan HCSC út Den_Helder. By Cambuur diene ferskate testspilers fan prof- en amateurclubs mei. De goals kamen op namme fan Marinus_Dijkhuizen, Halil Colak (2 kear), Sandor_van_der_Heide en testspiler Jan_Smit.

De spilersgroep hat no fakânsje. De earste training fan it nije seizoen is op moandei 30 juny op ´De Hertgang´.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)