Ferneamd kongres nei Ljouwert

© Omrop Fryslân
In brêge slaan tusken de wrâld fan wiskundigen en dy fan keunstners. Dat is it doel fan it ynternasjonale kongres Bridges dat ein july yn Ljouwert hâlden wurdt. Yn de stêd fan Escher en Vredeman_de_Vries komme 250 keunstners en wiskundigen út de hiele wrâld byelkoar om te praten oer harren fak. Dit bart yn ´e eardere CHN.
Ek foar de Ljouwerters is der wat te belibjen. Der is in iepen dei dêr´t praat wurde kin mei de dielnimmers. Der binne ek eksposysjes yn de stêd.