Sjauffeurs besette Arrivagebou

Hûnderten stakende bussjauffeurs hawwe woansdei in skoft it haadkantoar fan Arriva op It_Hearrenfean beset. De sjauffeurs kamen net allinnich út Fryslân, mar út alle regio´s dêr´t Arriva wurket. De stimming wie sa út_en_troch grimmitich. De sjauffeurs wolle lang om let in nije cao en in heger lean.
Arriva soe graach sjen dat de aksjes daliks ophâlde. Dêr liket it noch net op. Mooglik wurdt der mei yngong fan it wykein foar ûnbepaalde tiid staakt.