Noch genôch molke yn ´e winkel

© Omrop Fryslân
Yn ´e supermerken is noch neat te fernimmen fan de oanhâldende protesten fan molkfeehâlders tsjin de lege molkpriis. Der is noch genôch molke, jochert en tsiis te krijen en it Centraal_Bureau_Levensmiddelen tinkt dat dat foarearst sa bliuwt.
In soad boeren fan ´e Dutch Dairymen Board (DDB) leverje sûnt tiisdei gjin molke mear oan it fabryk. Guon fan harren litte woansdei de molke al rinne. By de DDB binne sawat 4000 feehâlders oansletten.