Gjin konkurrinsje op it Waad

27 maaie 2008 - 22:05

Rederij Doeksen mei de kommende 15 jier de feartsjinst fersoargje tusken Harns en de eilannen Skylge en Flylân. Rederij Wagenborg krijt it ferfier nei It Amelân en Skiermûntseach.

Steatssekretaris Huizinga fan Ferkear en Wettersteat wol gjin konkurrinsje foar de feartsjinsten op it Waad. De Twadde Keamer kin dêrmei ynstimme. It beslút is in tsjinslach foar de EVT, de Eigen Veerdienst Terschelling. Dy rederij mei de kommende acht moannen noch farre, mar dêrnei is it oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)