NNO krijt minder jild

27 maaie 2008 - 21:10

It Noord-Nederlands_Orkest, it NNO, moat it takom jier mei seis ton minder dwaan. As it oan it ministearje fan Kultuer leit moat it orkest dêrneist ek inkelde tonnen oan subsydzjejild weromjaan. As de besuniging trochgiet, kostet dat tweintich banen.

Algemien direkteur Jan_Geert_Vierkant hat minister Plasterk yn in brief omtinken frege foar de problemen. De Twadde_Keamer moat noch te set oer de plannen fan it ministearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)