Gjin konkurrinsje foar Doeksen

Flylân en Skylge bliuwe foar Doeksen
Steatssiktaris Tineke Huizinga fan ferkear en wettersteat wol gjin konkurrinsje foar de feartsjinsten op it Waad. Allinnich foar Texel wurdt in útsûndering makke salang't de eilanners noch eigner binne fan de feartsjinst.
Dat soe bestjutte dat it inisjatyf fan de Eigen Veerdienst Terschelling net tastien wurdt. Doeksen en Wagenborg hâlde dan it monopoalje. Tiisdeitejûn wurdt der yn de Twadde Keamer praat oer it ferfier nei de eilannen.