Nij kontrakt Harm Zeinstra

27 maaie 2008 - 12:28

SC Hearrenfean hat it kontrakt mei keeper Harm Zeinstra mei in jier ferlingd. Boppedat hat de club noch in opsje fan in jier opnommen yn it kontrakt mei de 18-jierrige keeper. Zeinstra kaam yn 'e simmer fan 2004 oer fan SC Cambuur. Hy keepte it ôfrûne seizoen by de A-junioaren.

Ek de kontrakten fan Arjen Bergsma en Radovan Mitrovic binne ferlingd. Bergsma tekene foar twa jier, de Eastenriker Mitrovic foar trije jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)