Wymbrits buorket goed

27 maaie 2008 - 10:23

Wymbritseradiel hat de jierrekken fan 2007 ôfsletten mei in posityf resultaat fan 2 miljoen euro. Dat is te tankjen oan in konsekwint fierd finansjeel belied en in tal tafallers, lykas projekten dy't wol begrutte wiene mar net útfierd binne.

It positive resultaat betsjut dat de gemeentlike belestingen net ferhege wurde, It jild wurdt yn de doarpen stutsen. De gemeente fynt de sûne finansjele posysje foaral ek wichtich by de mooglike weryndieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)