Lemster famke lestich fallen

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei in man dy't sneontejûn in 17-jierrich famke út De Lemmer holpen hat. It famke waard om seis oere jûns op de Neibuorren op 'e Lemmer oansprutsen troch twa ûnbekende manlju. Dêrnei pakte ien fan de manlju it famke by de earm en krige se de yndruk dat hy har yn in auto lûke woe.
In foarbygonger pakte de man beet, wêrtroch it famke har loslûke koe. De plysje wol graach witte wa't dy man is en oft der mear minsken binne dy't wat sjoen hawwe.