Lemster delstutsen

27 maaie 2008 - 09:48

In 46-jierrige man út De Lemmer is moandei oanhâlden troch de plysje om't er in 41-jierrige doarpsgenoat delstutsen hawwe soe. De famylje Kortstra hearde jûns alve oere ien op de ruten slaan. Doe't se bûten kamen wiene twa manlju oan it fjochtsjen.

De 41-jierrige man wie doe al ferwûne. De bewenners hawwe de oare man dêrom tsjinhâlden oant de plysje kaam. Dy hat de man oerbrocht nei it plysjeburo. De ferwûne man waard nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)