CDA-Fryslân moat dúdlik wurde

27 maaie 2008 - 07:40

It CDA-Fryslân moat de boargers dúdliker meitsje wêr it CDA yn Fryslân foar stiet.

Dat seit de nije foarsitter fan it CDA-Fryslân, Douwe Tamminga fan Garyp. Yn novimber 2007 lei it folsleine deistich bestjoer fan it CDA-Fryslân syn funksje del nei in rapport oer it funksjonearjen fan de partij. Nei in pear moanne mei in tydlik bestjoer is moandei by de ledegearkomste fan it CDA-Fryslân in nij bestjoer ynstallearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)