Minister Donner by CDA Fryslân

Minister Donner fan Sosjale Saken
Minister Donner fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid wie moandei gast by de ledegearkomste fan it CDA Fryslân. De minister hold der in lêzing oer it tekoart oan arbeidskrachten dat ek yn Fryslân driget.
Donner hâldt op mear plakken yn it lân sprekbeurten om minsken te wizen op it driigjende tekoart. De opmerkings dy't er yn Fryslân krige, bygelyks oer de administrative rompslomp by it oannimmen fan persoaniel yn de lânbou, nimt er mei nei Den Haach.