Gjin stappen tsjin PvdA H'fean

27 maaie 2008 - 00:48

De PvdA-fraksje yn de gemeenterie fan Hearrenfean is ûnbetrouber. Dat fine de oare partijen yn de rie. Dy miening hat lykwols gjin konsekwinsjes, in moasje fan ôfkarring tsjin de PvdA waard net troch alle partijen stipe.

De PvdA brocht ferline wike nei bûten tsjin de fêstiging fan Het Poortje op de troch boargemaster en wethâlders foarstelde lokaasjes te wêzen. De oare partijen fine dat de PvdA te betiid mei dat stânpunt nei bûten kaam is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)