Hester Knol foarsitter YEN

26 maaie 2008 - 22:02

Youth of European Nationalities (YEN) hat de kommende twa jier in Fryske foarsitter. It giet om de 21-jierrige Hester Knol fan Grins. Sy waard as foarsitter keazen op de jiergearkomste fan de organisaasje.

By YEN binne rom tritich jongereinorganisaasjes oansletten fan minderheden út hiel Europa. Foar Fryslân giet it om it FYK, it Frysk Ynternasjonaal Kontakt. Hester Knol siet earder yn it bestjoer fan FYK.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)