Online-behanneling somberheid

© Omrop Fryslân
Minsken mei somberheidsklachten kinne har tenei behannelje litte fia ynternet. GGZ Fryslân begjint mei it buro NewHabits in online-behanneling. Alle jierren wurdt der yn Nederlân 660 miljoen euro útjûn oan de behanneling fan trystens en depresjes.
GGZ Fryslân heakket oan de behannelingen in goedkeapere metoade ta. Dêrby hawwe minsken fia ynternet kontakt mei-elkoar ûnder begelieding fan deskundigen. Ek moatte opdrachten dien wurde.