Fellinga nij by SC Hearrenfean

26 maaie 2008 - 18:55

Sportclub Hearrenfean hat Lesley Fellinga (22) oanlutsen as nije spiler. De ferdigener kaam de ôfrûne twa seizoenen út foar Veendam, dêrfoar spile er by de jongerein fan FC Grins. Fellinga waard berne yn Haïty, mar waard adoptearre troch in Drints gesin.

Omdat er noch twa paspoarten hat spilet Fellinga sûnt ferline jier as Haïtiaansk ynternasjonal. Foar dat lân docht er de kommende moanne mei yn de WK kwalifikaasjewedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)