De Wyldemerk: race tsjin klok

26 maaie 2008 - 17:18
  • Der wurdt noch folop boud oan De Wyldemerk

As de earste dielnimmers fan campus De Wyldemerk by Harich dêr oer twa wiken oankomme, sil de campus noch net hielendal klear wêze. It wurdt in race tsjin de klok want der wurdt noch folop boud.

De Wyldemerk is in campus foar bern dy't yn it normale ûnderwiis fêstrinne. De campus sit tydlik op in oare lokaasje. Op 4 juny is der in ynrin foar de pleatslike befolking op it úteinlike plak yn Harich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)