Harns hâldt 2 miljoen oer

© Omrop Fryslân
De gemeente Harns hat yn 2007 in lytse 2 miljoen euro oerhâlden op de begrutting. Guon projekten foelen goedkeaper út, lykas de bydrage oan de Sosjale Tsjinst. Ek de opbringst fan de ferkeap fan de Kohnstammskoalle lei heger as ferwachte.
Sûnt ferline jier lizze de begruttings by de gemeente wat gefoelich. Doe stapte wethâlder Waaijer op, nei't de rekkenkeamer him fan oppotgedrach beskuldige.