Keunstbelied foar Skarsterlân

© Omrop Fryslân
Foar't der in nij keunstwurk oan de muorren fan Herema State op De Jouwer komt te hingjen, moat de gemeente earst in âld wurk út de kelder ferkeapje. Dat is de miening fan wethâlder Dirk Hylkema, dy't fynt dat der earst in keunstbelied komme moat foar't de gemeente Skarsterlân nije wurken keapet.
Hylkema hat tsjin de oankeap fan it wurk 'Oan it ein fan de Slachtedyk' fan 3500 euro stimd, mar omdat de rest foar is giet de oankeap gewoan troch.