Pleats fan it Jier net populêr

26 maaie 2008 - 12:08

Foar de ferkiezing 'Pleats fan it Jier' binne mar tsien oanmeldings binnenkaam. Snein wie de lêste dei dat minsken harren oanmelde koene.

It is de sechsde en lêste kear dat de ferkiezing hâlden wurdt. Dit kear stiet it boerehiem sintraal. Moandei hat de Boerderijen Stichting Friesland besletten om minsken oant woansdei de tiid te jaan om harren noch oan te melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)