Fytse foar boete Kameleonfilm

De Fryske Hylke en Sytse fan Bernlef
Tsien studinten sille op in fyts dy't ferboud is ta kroech, yn augustus yn trije dagen tiid de Alvestêdetocht fytse. Yn Frjentsjer, Dokkum en Snits wurde aksjes en eveneminten op poaten setten en der wurde ferskate pommeranten ferwachte. Alles is bedoeld om jild yn te sammeljen.
It giet om studinten fan studinteferiening Bernlef út Grins dy't mei it jild de boete betelje wolle dy't sy oplein krigen fanwege in Kameleonfilm dy't sy makken.