Stellingwarvers by Beweging

Stellingwarfs ûnderdiel Fryske kultuer
It bestjoer fan de Stellingwarver Skrieversronte hat besletten him oan te sluten by de Ried fan de Fryske Beweging. De stifting Ons Bildt makke al diel út fan de Ried. Yn it karbrief fan de Ried stiet dat de Ried "ta doel hat it bewarjen en befoarderjen fan de Fryske identiteit, taal en kultuer".
De Ried is fan betinken dat de Fryske streektalen diel útmeitsje fan de Fryske kultuer en dêrom romte krije moatte yn it wurk fan de Ried.