Vrijheidswyk wer earmste buert

26 maaie 2008 - 10:59
  • Vrijheidswyk: earmste buert Nederlân

De Vrijheidswyk yn Ljouwert is op 'e nij de earmste buert fan Nederlân. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it Centraal Buro foar de Statistiek. Yn in diel fan dizze wyk moat in kwart fan de hûshâldens al mear as 4 jier rûnkomme fan in leech ynkommen.

Mei de oare Ljouwerter achterstânswiken giet it better: de Schepenbuurt is sakke nei in achtste plak. De Harnser wyk Plan Súd - ferline jier de op ien nei earmste buert - is út de de top 20 ferdwûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)