Mem hellet bern út brân

26 maaie 2008 - 10:23

Op 'e Jouwer hat in frou snein har beide bern út harren brânende wenning helle. Oan it begjin fan de jûn ûntduts de 30-jierrige bewenster de brân yn de boppewenning op de Pier Panderstrjitte.

De frou naam gau har soan fan 8 en dochterke fan 4 mei nei bûten. De brânwacht hie it fjoer gau út, mar koe net tefoaren komme dat de wenning grutte skea oprûn. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)