Partoer Minnesma wint Doanjum

25 maaie 2008 - 18:09

De finale fan de frije formaasjepartij yn Doanjum gong tusken de partoeren Simon Minnesma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra tsjin Martijn Olijnsma, Erik Haitsma en Pier Piersma.

It partoer fan Simon Minnesma wûn de finale op 5-4 en 6-2 mei in machtige boppeslach fan Marten Feenstra. De lytse preemje wie foar Jan Dirk de Groot, Renze P. Hiemstra en Alle Jan Anema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)