Schuil/Nummerdor winne

25 maaie 2008 - 17:38

Beachfoljeballers Richard Schuil fan Ljouwert en syn maat Reinder Nummerdor hawwe it toernoai út de Wrâld Tour yn Zagreb wûn. It Nederlânske duo wûn snein yn de finale mei 2-1 fan it as tredde pleatste Sineeske duo Xu Linyin en Wu Penggen.

Schuil en Nummerdor stiene foar de fjirde kear yn de finale fan in toernoai út de Wrâld Tour. Nei de winst ferline jier is dit de twadde haadpriis foar de Nederlanners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)