Soad animo foar hûs molkfabryk

25 maaie 2008 - 17:12

Der is in soad animo foar in hûs yn it eardere suvelfabryk yn Easterwâlde. Dat die sneon bliken op in spesjale ynformaasjegearkomste oer it nijbouplan. Op it plak fan it eardere molkfabryk is romte foar 63 wenten.

It fabryk is in pear jier lyn sluten en ferline jier sloopt. It gebou koe net omboud wurde ta bygelyks apparteminten. It bestimmingsplan leit midden yn it doarp by de Kompanjonsfeart. Dêr binne gjin beswieren tsjin makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)