Trio Dijkstra wint yn Berltsum
It partoer Géjanna Dijkstra, Gérieke de Groot en Afke Hijlkema hat snein yn Berltsum de frije formaasjepartij wûn. Se wiene yn de finale mei 5-1 en 6-0 te sterk foar it partoer Margriet Koelmans, Brecht Gerbrandy en Baukje Aalbers.
It wie foar de sechde kear dit seizoen dat it partoer fan Géjanna Dijkstra de earste priis pakte.