Partoer Olijnsma wint Jorwert

© Omrop Fryslân
It partoer Martijn Olijnsma, Auke van der Graaf en Chris Wassenaar hat sneon yn Jorwert de útnoegingspartij wûn. Yn in spannende finale wiene se mei 5-5 en 6-4 te sterk foar it partoer Gert-Anne van der Bos, Herman Sprik en Taeke Triemstra.
It partoer Olijnsma wûn de finale nei in 4-1 efterstân. Chris Wassenaar waard útroppen ta kening yn Jorwert. Der diene sneon acht partijen mei.