Dronken Akkrumer oanholden

© Omrop Fryslân
In Akkrumer (32) is sneontemoarn betiid oanholden troch de plysje nei in melding fan in fjochtpartij oan de Buorren yn Akkrum. De man waard razend en dronken by syn wenning oantroffen. Hy stapte wer yn de auto, wêrnei't in plysjeman besocht de autokaaien ôf te pakken. Dat slagge net en de fertochte ried, mei de plysjeman hingjend út de auto fuort. Doe't de auto wat gong krige, moast de plysjeman wol loslitte. De fertochte is even letter yn de Koopmansstrjitte oanholden.