Oanriding yn Rinsumageast

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemoarn help ferliend nei in oanriding op de Lauwersseewei yn Rinsumageast. Twa persoanen rekken dêrby ferwûne.
In automobilist (53) út Burgum woe de Lauwersseewei oerstekke yn de rjochting fan Rinsumageast. Hy joech dêrby gjin foarrang oan in automobilist (23) út Mantgum. Troch de klap fan de oanriding ried dizze tsjin de auto fan in ynwenster (34) fan Rinsumageast. De frou en de Mantgumer binne nei it sikehûs oerbrocht.