Bleize krijt argyfmateriaal

25 maaie 2008 - 12:01

Wethâlder Yvonne Bleize fan Ljouwert hat sneintemiddei nij argyfmateriaal yn ûntfangst naam oer it âlde stedsbegraafplak yn Ljouwert. Se krige dat materiaal fan saakkundige Leon Bok.

Hy hat syn eigen kolleksje oer it âlde stedsbegraafplak oerdroegen oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Bok skreau syn ôfstudearskripsje oer it stedsbegraafplak en wie jierrenlang belutsen by de stifting dy't him ynset foar it behâld en de restauraasje derfan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)