Verbeek net trener fan it jier

25 maaie 2008 - 11:07
  • Gertjan Verbeek (foto: Martin de Jong)

Trener Gertjan Verbeek fan SC Hearrenfean is net de winner wurden fan de Rinus Michels Award, dy't heart by de titel trener fan it jier.

De priis gie nei Fred Rutten fan FC Twente. Neist Rutten en Verbeek wie ek Ernie Brandts fan NAC Breda nominearre. De haadtreners yn it betelle fuotbal koene stimme oer de fraach wa't trener fan it jier wurde moast. Gertjan Verbeek is noch oant 1 juny yn tsjinst fan SC Hearrenfean. Dêrnei giet er nei Feyenoord.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)