Schuil/Nummerdor finalist
Richard Schuil en Reinder Nummerdor ha sneon yn Zagreb de finale helle fan it Kroatysk Iepen strânfoljebaltoernoai. Yn dit toernoai út de Wrâld Tour waarden de Brazyljanen Marcio Araujo en Fabio Luiz yn de heale finale mei 21-17 en 23-21 ferslein.
Snein moat de earste priis binnenhelle wurde tsjin it Sineeske duo Xu en Wu.