Westra twad yn Olympia's Tour

© Omrop Fryslân
Lieuwe_Westra fan Mûnein is sneon twadde wurden yn de achtste etappe fan Olympia's Tour. De etappe gong fan Varsseveld nei Buchten oer 195 kilometer. Ien kilometer foar de streek sprong Lieuwe Westra mei Lars Boom út de kopgroep. Lars Boom wûn de sprint fan Westra en bliuwt de lieder yn it klassemint. Westra stiet mei 44 sekonden achterstân op it twadde plak.
Snein stiet de keninginnerit oer 193 kilometer yn Limburch op it programma.