De Jouwer yn 17e ieuske sfear

der wie ek in iepenbiere terjochtstelling op de Rjochtdei
De earste Rjochtdei op 'e Jouwer hat minder minsken lutsen as op hope wie. Om út de kosten te kommen, moasten der 6000 besikers komme. Noch minder as de helte dêrfan kamen op it histoarysk spektakelstik ôf. Mear as twa jier wie de Jouster kultuerried mei de tariedings dwaande.
Hast 400 frijwilligers soargen derfoar dat de Midstrjitte foar ien dei in skoutoaniel út de 17 ieu wie. It is ûndúdlik oft de Rjochtdei takom jier wer hâlden wurde sil.