Kontrôles op frachtferkear

24 maaie 2008 - 14:37

De plysje yn Fryslân, Grinslân en Drinte hat yn de ôfrûne wike ekstra kontrôles útfierd op it frachtferkear. Ek de dûane, belestingtsjinst en AID diene mei. Dêrby kaam in grut tal oertredings oan it ljocht.

Yn Fryslân waarden 61 boetes útskreaun foar te hege en te lange frachtauto's of it net goed fêstsetten fan de lading. Acht kear waard beboete foar it ferkeard ferfieren fan gefaarlike stoffen. Seis sjauffeurs hienen har net oan de miljeufoarskriften hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)