Slachtetille goed foar kûten

24 maaie 2008 - 12:30

De nije brêge op de rûte fan de Slachtemaraton by Frjentsjer is steil, mar wol te dwaan foar de hurdrinners en kuierders. Dat fynt de organisaasje fan de Slachtemaraton dy't op sneon 14 juny foar de tredde kear hâlden wurdt.

Dat de Slachtetille sa steil is, hat te krijen mei strange easken fan Rykswettersteat, dy't de sneldyk tusken Frjentsjer en Harns beheart. De brêge is ûntwurpen troch Rein Hofstra dy't ek de Nije Kromme, de brêge by Wommels yn de Slachtedyk betocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)