Kraamvogel besoarget aaien

© Omrop Fryslân
De nije kreamsoarchorganisaasje De_Kraamvogel besoarget de kommende wike tûzenen aaien by swangere froulju yn de provinsje. Yn de aaien sit in lytse knuffel fan in kraanfûgel. Der sit ek in koade yn wêrmei´t prizen wûn wurde kinne op de webside fan de_Kraamvogel.
De organisaasje is in pear wiken lyn ûntstien nei in fúzje fan ferskate kreamorganisaasjes. Mei dizze aksje hopet de organisaasje op mear nammebekendheid.